Overslaan en ga direct naar de inhoud Direct naar de footer

Fryske Wike by KyK

Untdek de Pracht fan de Fryske Taal en Kultuer mei de Fryske Wike by KyK!

 

KyK is grutsk op de Fryske taal en docht dêrom mei oan taalplan Frysk 2030. Yn de Fryske wike sette wy de Fryske taal en kultuer yn it sintsje. Dit skoaljier binne der ek wer boeiende workshops pland! It is safier! De Fryske wike is begûn en de kommende twa wiken binne der in soad workshops dy ‘t jûn wurde. Wy winskje elkenien in soad wille mei de workshops of oare leuke aktiviteiten lykas de Fryske wike kwis.  

Kinst as skoalle net meidwaan oan ien fan de workshops, gjin soargen, wy hawwe wat aardichs foar dy. It serviceburo fan KyK is by de Fryske Wike belutsen troch middel fan in spesjale kwis. De Fryske wike kwis bestiet ut 9 fragen. Fan elk antwurd moast 1 letter opskriuwe. As’t de 9 letters hast kinst se husselje ta in goed antwurd. Kinne jim de koade kreakje?  

Diel alle moaie dingen op de sosjale media en ferjit net om @kykscholen te taggen! 

Let op! It is gjin kompetysje, gewoan in aardige kwis diest as ûnderwizer mei dyn klasse dwaan kist. 

 

Psst.... Hast it riede? Kontrolearje of dyn antwurd goed is troch te klikken op de knop hjirûnder.